Wetterpeil moat omheech yn feangreidegebieten

12 mrt 2018 - 13:05

It wetterpeil yn it mear as 70.000 bunder grutte feangreidegebiet moat omheech om fierdere útdrûging en boaiemdelgong yn it gebiet foar te kommen. Om't der dan ek minder CO2 frijkomt, is it boppedat better foar de natuer, sizze seis opposysjepartijen yn de Fryske steaten.

PvdA, D66, ChristenUnie, GrienLinks, Partij voor de Dieren en 50Plus ha mekoar fûn yn dit plan. Se binne dwaande om it foarstel fierder út te wurkjen om it ynkoarten te besprekken. De maatregel hâldt in soad yn foar de boeren, dy't baat hawwe by in leech wetterpeil, om't sy dan better mei swier materieel it lân op kinne. Foar benammen yntinsive lânboubedriuwen hâldt it yn dat sy harren bedriuwsfiering oanpasse moatte.

Ut ûndersyk docht bliken dat mei in heech wetterpeil goed te buorkjen falt, seit PvdA-steatelid Hetty Janssen. Mochten de bedriuwen der mei ophâlde, dan kin de provinsje de grûn opkeapje en bygelyks biologyske boeren nei Fryslân helje. De opposysjepartijen wolle harren plannen ynkoarten besprekke yn twa kommisjes. Krije se in mearderheid achter de plannen, dan soene dy yn tsien jier tiid útfierd wurde moatte.

(advertinsje)
(advertinsje)