Stroomsteuring op De Lemmer duorret hiele moandei

Liander © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Op de Nieuwburen op De Lemmer is moandei al de hiele moarn in stroomsteuring. Neffens netwurkbehearder Liander is de steuring ûntstien om 9.00 oere hinne en sil nei ferwachting oant 17.00 oere duorje. De steuring hat ek konsekwinsjes yn oare dielen fan de provinsje.
Taksybedriuw Witteveen, dy't ek it WMO-ferfier yn Ljouwert fersoarget, ûnderfynt ek lêst fan de steuring.