Mulder, Ntab en Erbanová strikt foar Sulveren Bal

12 mrt 2018 - 12:21

De organisaasje fan it reedrydspektakel de Sulveren Bal hat opnij in oantal oansprekkende nammen út de reedrydwrâld witte te strikken. Nasjonale toppers Ronald Mulder en DaiDai Ntab en Karolina Erbanová út Tsjechië komme op 21 maart nei de Elfstedenhal yn Ljouwert foar de reedrydshow oer 100 meter. Earder waarden de Nederlânske topsprinters Marrit Leenstra, Jesper Hospes, Anice Das en Gerben Jorritsma al fêstlein.

(advertinsje)
(advertinsje)