Fries Museum keapet persoanlik guod fan bern fan Mata Hari

12 mrt 2018 - 12:21

It Fries Museum hat in tal nije objekten kocht foar de Mata Harikolleksje. It giet om hierlokjes, foto's en persoanlik besit fan har bern. De oankeapen komme út de priveekolleksje fan neiteam fan Margaretha Geertruida Zelle har eks-man John MacLeod. In seleksje is fuort te sjen yn de útstalling oer it libben fan de ferneamde dûnseres. De útstalling 'Mata Hari: de mythe en het meisje' is noch oant en mei 2 april te sjen.

Margaretha Zelle krige twa bern: soan Norman en dochter Non. It jonkje stoar doe't er twa jier wie. Flak foar de begraffenis knipte heit in hierlokje fan syn soan ôf.  Hy die it yn in slúf en skreau dêrop: "Haar van mijn eenige jongen afgeknipt in zijn kistje. 28 juni 1899. Opgeborgen 27 december 1899." Dy slúf, it hierlokje en noch wat foarwerpen fan de begraffenis fan Norman binne te sjen.

Dochter Non studearre ôf as dosint Nederlânsk. Twa jier nei de eksekúsje fan har mem stoar se ynienen. Flak foar har dea yn 1919 liet se noch foto's meitsje. Dizze foto's, mei in persoanlike boadskip fan har heit, en foto's fan har jeugdjierren, har rou-advertinsje en wat persoanlike besit binne ek opnommen yn de útstalling.

Besikersoantallen

De famylje hat lang twivele oer de ferkeap fan dit persoanlik materiaal. Dêrom hat it wat langer duorre foardat it Fries Museum it materiaal keapje koe en it net fuortendaliks opnommen is yn de tentoanstelling. Konservator Hans Groeneweg is bliid dat it dochs noch toand wurde kin. It giet net om in stunt om de besikersoantallen yn it lêst fan de Mata Hari-tentoanstelling noch wat omheech te krijen. Der ha oant no ta mear as 75.000 beskers west en dat is nei ferwachting. "We zijn dik tevreden over het aantal bezoekers. Voor een historische tentoonstelling doet Mata Hari het heel goed. En een boel mensen komen voor de tweede of derde keer langs. Dat vind ik ook erg leuk om te zien", seit Groeneweg.

(advertinsje)