Supermerken De Lemmer ien fan de kwestjes by de ferkiezingen

12 mrt 2018 - 11:45

Wol of gjin supermerk bûten it sintrum fan De Lemmer. Dat is foar guon ynwenners ien fan de kwestjes by de gemeenteriedsferkiezingen yn de gemeente De Fryske Marren. Guon supermerken wolle graach útwreidzje en ferhúzje nei in gruttere romte bûten it sintrum fan De Lemmer, mar it kolleezje wol dat net.

De hear Flokstra fan Skarsterbrêge wit al hokker partij syn stim krijt: de partij dy't tastimming jaan wol oan de komst fan supermerken bûten it sintrum fan De Lemmer. Want de Lidl hat ynteresse yn it bedriuwsgebou fan Flokstra oan de râne fan De Lemmer, mar as de gemeente gjin fergunning jout, giet de deal tusken Flokstra en de Lidl net troch.

Reaksje gemeente

Mar de plannen fan Flokstra binne neffens De Fryske Marren yn striid mei it gemeentlik belied. Dat is derop rjochte om bedriuwichheid yn de kearnen te hâlden. Dêrnjonken is yn 2015 ûndersyk dien, wêrút bliken die dat in supermerk oan de râne fan De Lemmer net winsklik is. De oanfraach foar in wiziging yn it bestimmingsplan is dêrom earder ek ôfwiisd.

Op woansdei 21 maart binne de lanlike gemeenteriedsferkiezingen. Yn de oanrin dêrnei, komme ferslachjouwers Afke, Bauke en Lennie fan 12 oant en mei 16 maart by de minsken thús, op 'e kofje, om te hearren wat sy wichtich fine en wêr't sy op lette as se te stimmen geane. Mear oer de ferkiezingen op ús spesjale side.

(advertinsje)