Odensehûs yn Drachten krijt namme fan Dirk Baron

12 mrt 2018 - 11:30

Yn Drachten is moandei it Odensehûs iepene foar minsken dy't te krijen ha mei demintens. It hat de namme fan Dirk Baron krigen, de Omrop-kollega dy't de sykte ek hie en op 37-jierrige leeftiid ôfskied fan it libben nommen hat. It hûs is in plak dêr't neat moat en alles mei en dêr't begryp en stipe is foar minsken dy't demint binne, mar ek foar de partners, bern, buorlju en mantelsoargers. By de iepening wie Dieke Broersma, de frou fan Dirk Baron, ek oanwêzich mei de bern.

It hûs is opset troch in gearwurking fan ZuidOostZorg, De KwadrantGroep en de Tao of Care en de gemeente Smellingerlân. Odensehuzen binne neamd nei de stêd Odense yn Denemarken. Dêr wie it earste hûs foar minsken mei demintens en har mantelsoargers.

(advertinsje)