Kampanjebuorden PVV fernield yn Achtkarspelen

It fernielde boerd fan de PVV op De Harkema © PVV
Unbekenden ha yn de nacht fan snein op moandei by De Harkema in kampanjeboerd fan de PVV fernield. It doek waard troch midden snien en de poaten ôfbrutsen. By Boelensloane is ek besocht in kampanjeboerd fan de partij te fernielen troch it mei stiennen te bekûgeljen, mar dat mislearre.
Neffens de PVV wie de aksje rjochte tsjin harren partij, de buorden fan oare partijen waarden net fernield. De partij docht foar it earst mei oan de gemeenteriedsferkiezingen yn Achtkarspelen. Der is oanjefte dien by de plysje fan de fernieling.