FIDEO: Miranda yn de soarch: sikehûs Nij Smellinghe

12 mrt 2018 - 13:15

Omrop Fryslân slút oan by de lanlike 'Wike fan soarch en wolwêzen' om de soarch in ekstra ympuls te jaan. Yn de soarch binne grutte tekoarten en it ferlet fan nije minsken wurdt hieltyd grutter. Fan 12 oant en mei 17 maart is by Omrop Fryslân rom omtinken foar alle fasetten fan de soarch. Op radio, telefyzje en online dogge we ferslach fan tal fan aktiviteiten.

Ferslachjouwer Miranda Werkman rint mei Anouk Rosier mei. Sy wurket yn sikehûs Nij Smellinge yn Drachten op de kreamôfdieling yn kombinaasje mei de berne-ôfdieling. As spesjalisearre ferpleechkundige hat se de soarch foar de mem en de poppe. We sjogge by froulju dy't hast befalle moatte, by in befalling en by de lytse poppen.

Leafde en oandacht

"Ik wol der foar de minsken wêze, har oandacht en leafde jaan," fertelt Anouk Rosier. "De wurkdruk wurdt wol hieltyd heger, foaral de administraasje. Lêsten hie ik nachttsjinst en wienen der acht poppen dêr't ik allinne foar soargje moast, want myn kollega wie by in befalling." Anouk hat earst mbo-v en dêrnei hbo-v. Yn it sikehûs koe se har spesjalisearre as ferpleechkundige op de ôfdieling dêr't se wurket. "Ik fyn it moai om mysels te ûntwikkeljen." 

Se komt ek wol drege situaasjes tsjin. "De froulju dy't hjir komme, ha in medyske yndikaasje dat se yn it sikehûs befalle moatte. Ik kin in soad foar minsken betsjutte en dat jout my foldwaning."

Sjoch foar mear reportaazjes, artikelen en ynformaasje op Omropfryslan.nl/soarch.
Mear witte oer de nasjonale Wike fan soarch en wolwêzen of oer it wurkjen yn de soarch? Sjoch dan op de webside fan Zorgplein Noord: Wzwnoord.nl.

(advertinsje)