Ljouwerter slacht twa jongeren bewusteleas

12 mrt 2018 - 10:08

In 56-jierrige Ljouwerter is sneintenacht oanhâlden nei't hy twa leden fan in groep jongerein út de tiid slein hie. De groep makke yn de Van Ostadestrjitte in soad lûd. De lettere fertochte spruts de groep dêr op oan, mar dy gie troch mei lûd meitsjen. Doe't de man foar de twadde kear nei de groep stapte, dielde hy klappen út.

In 20-jierrige frou út Ljouwert rekke út de tiid en moast nei it sikehûs. Ek in 21-jierrige man út It Hearrenfean waard bewusteleas slein en rekke in pear tosken kwyt. De fertochte sit fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(advertinsje)