Wike fan de soarch sintraal by Omrop Fryslân

Omrop Fryslân slút oan by de lanlike 'Wike fan soarch en wolwêzen' om de soarch in ekstra ympuls te jaan. Yn de soarch binne grutte tekoarten en it ferlet fan nije minsken wurdt hieltyd grutter. Fan 12 oant en mei 17 maart is by Omrop Fryslân rom omtinken foar alle fasetten fan de soarch. Op radio, telefyzje en online dogge we ferslach fan tal fan aktiviteiten.
​Yn de temawike is Omrop Fryslân by ferskate soarchynstellingen te finen om safolle mooglik minsken entûsjast te meitsjen foar de soarch. Want: de soarch wol dy! Alle dagen binne persoanlike portretten fan minsken dy't yn de soarch wurkje te sjen yn it telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed. Fan ferpleechkundige, ien yn de thússoarch oant in GGZ-meiwurker: al it wurk is like wichtich. Yn de 'Wike fan soarch en wolwêzen' wurde der tal fan aktiviteiten rûnom yn de provinsje organisearre.
In lytse 125 lokaasjes dogge mei oan de wike fan de soarch. Sa'n 80 ynstellingen hâlde iepen hûs, der binne speeddates en belangstellenden kinne meirinne. Yn juny 2017 wienen der 100 fakatueres yn de moanne. De measte fraach is nei ferpleechkundigen, fersoargjenden en sosjaal pedagogen. Hast 1 op de 6 minsken yn Fryslân wurket yn de soarch, dat binne hast 50.000 minsken. It tal wurknimmers yn de sektor nimt ôf, allinne yn de jeugdsoarch groeit it tal wurknimmers.
Sjoch foar mear reportaazjes, artikelen en ynformaasje op Omropfryslan.nl/soarch.
Mear witte oer de nasjonale Wike fan soarch en wolwêzen of oer it wurkjen yn de soarch? Sjoch dan op de webside fan Zorgplein Noord: Wzwnoord.nl.