Gjin beletsel opheffing B'him

01 nov 2011 - 21:10

De gemeenteried fan Boarnsterhim stimt op 22 novimber yn mei de weryndieling fan de gemeente. Dat waard tiisdeitejûn dúdlik by de behanneling fan it definitive weryndielingsplan.

Ien wiziging moat dêr noch al yn trochfierd wurde: trije pleatsen by Raerd moatte oan dat doarp tawiisd wurde, sadat se aanst net nei Ljouwert mar nei Súdwest-Fryslân geane. De Alde Feanen geane neffens plan nei de gemeente Ljouwert, ek al hat Tytsjerksteradiel dêr beswier tsjin.

(advertinsje)