Kollum: "Soarch oer de soarch"

12 mrt 2018 - 07:25

"Dizze wike is it de wike fan 'Zorg en Welzijn' yn Nederlân. Hjir by de Omrop hat kollega Miranda Werkman ferskate reportaazjes makke oer hoe't it is om yn de soarch te wurkjen. In skoftke lyn krige ik sels ek sa'n 'inkijkje' yn de soarch, yn myn gefal by it UMCG yn Grins. En ik moat sizze: ik skrok der best wol fan.

Ik sjoch him noch omheisterjen: de broeder op ien fan de sealen yn it UMCG dêr't op dat stuit fjouwer pasjinten leinen. Twa wiene krekt operearre en krigen morfine. Dat koene se sels fia in pompke ta tsjinje. Mar fan morfine is de kâns grut datst spuie moast. En dat barde dus ek. De broeder hie it dêr smoardrok mei. Hy tôge mei folle kotsbakjes de ôfdieling op en ôf en rûn 'm de fuotten ûnder it gat wei.

Undertusken moast er him eins ek noch ynlêze foar de wikseling fan de wacht. Wa lizze der op de ôfdieling, wat foar operaasje ha se hân, wat foar medisinen krije se en binne der noch spesjale winsken of allergyen? Ien fan de pasjinten op de keamer mocht mei ûntslach, mar dêrfoar wie noch gjin nij plakje fûn. Oft de broeder dat tuskentroch ek noch efkes útfûgelje koe. Oh ja, en se hie ek noch glutenallergie. Súkses he?

Doe't ik him op de gong tsjinkaam hie er it swit op 'e foarholle. Ta myn skrik kaam ik der achter dat dizze keamer mei fjouwer pasjinten net de iennige seal fan de broeder wie, mar dat der noch folle mear minsken wiene dêr't hy ferantwurdlik foar wie. Ek mei kotsbakjes, allergyen en piipjende alarmbellen. Aldermachtigst, dat is dochs net te dwaan foar ien persoan? Hoe hâldst soks fol sûnder gek te wurden?

Dat hâlde in protte broeders en susters dus ek hielendal net fol, blykt út in ûndersyk fan de beropsferiening Verpleegkundigen & Verzorgenden Nederland. Trije op de fjouwer ferpleechkundigen fine dat it persoanielstekoart yn de soarch ynfloed hat op harren sûnens of priveelibben. Ien fjirde jout oan oerspand te wurden troch it wurk. En hast de helte oerwaget om der mei op te hâlden.

"Steeds meer verpleegkundigen herkennen zich niet meer in het beroep waar ze ooit voor gekozen hebben", seit Margreet van der Cingel. Sy is no goed in moanne lang lektor Leiderschap en identiteit in het verpleegkundig domein by NHL Stenden Hegeskoalle. In nij lektoraat dat de hegeskoalle tegearre mei sikehûs MCL opset hat. Doel fan it nije lektoraat is om ferpleechkundigen te stypjen by it finen fan balâns yn harren nije rol.

Utfiningen op it mêd fan eHealth, nije wittenskiplike kennis dy't fan tapassing is op dyn fakgebiet, administraasje en regelwurk; der komt nochal wat op dyn buordsje as ferpleechkundige. En dat yn in tiid dat alles rapper en effisjinter moat. Pasjinten moatte eins sa gau as mooglik wer nei hûs. Dus ek 'zelfmanagement' is ien fan dyn taken; de pasjint begeliede om wer selsstannich te funksjonearjen. En dat alles njonken dyn soarchtaken, want dêrfoar bist úteinlik oannaam. Om pasjinten de bêst mooglike soarch te jaan.

Ik ha mei ferbjustering en begrutsjen sjoen nei dy earme broeder yn Grins. Hielendal doe't it elektroanyske systeem dêr't er mei wurke hieltyd in error oanjoech. Soe er in pynstiller jaan, dan moast it medisyn earst scand wurde. En dat mislearre alle kearen wer. 'Computer says no', sa'n spultsje wie it. Hy waard der suver stressich fan. En segrinich. Sels ik waard suver senuweftich as der wer in alarm begûn te piipjen.

Trijekwart fan de ferpleechkundigen kleit oer in te hege wurkdruk. En hast de helte oerwaget om der mei op te hâlden. Dat binne skrikbaarlike sifers. Allinnich dêrom al soe der in alarmbelle ôfgean moatte by de bazen. En wichtiger noch: yn Den Haag. Want as dit de gewoanste saak fan de wrâld is, dan moatte wy ús echt soargen oer de soarch meitsje."

(advertinsje)