Hearrenfeanfroulju treffe Achilles '29 yn kwartfinale beker

11 mrt 2018 - 20:20

De froulju fan Sportklup Hearrenfean moatte yn de kwartfinale fan de KNVB beker op besite by Achilles '29. Dat is it resultaat fan de lotting fan de kwartfinales, dy't it fuotbalbûn KNVB sneintejûn publisearre hat. De wedstriden yn de kwartfinales sille takom moanne spile wurde, op 13, 14 en 15 april. 

Sneontejûn wûnen de froulju fan SC Hearrenfean noch de wedstriid yn de achtste finales fan de KNVB beker. Thús tsjin VV Alkmaar waard it ienfâldich 2-0 foar de Feansters.

(advertinsje)