Auto op 'e kop yn de sleat by Eastersee

11 mrt 2018 - 19:02

By Eastersee is snein oan it begjin fan de jûn in auto op 'e kop yn de sleat bedarre. It ûngelok barde op de Westeind by Eastersee. Hoe't de auto krekt yn de sleat telâne kaam is, is noch net bekend.

De ynsittenden binne mei help fan omstanners út de auto helle. Hoe't se der oan ta binne, is net bekend. De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok.

Trefwurden: 
Eastersee ûngelok sleat auto
(advertinsje)