Basketballers Aris winne spannende wedstriid fan Apollo

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris hawwe sneintemiddei yn in spannende wedstriid wûn fan Apollo út Amsterdam. Yn it Kealledykje waard it úteinlik 70-68 yn it foardiel fan de Ljouwerters. Alle perioaden fan de wedstriid gienen lykop. Nei it earste kwart stienen beide ploegen op likense hichte: 21-21.
Foarsprong
Ek yn it twadde kwart siet it ticht by inoar, mar de Ljouwerters pakten by rêst ien punt foarsprong. It tredde kwart einige mei in tuskenstân fan 56-55, dêrnei koe Aris it ferskil yn de lêste faze noch mei ien punt útwreidzje.
De Ljouwerter basketballers komme woansdei wer yn aksje, dan spilet de ploech tsjin Weert.