LDODK kin play-offs fan de kompetysje net mear berikke

11 mrt 2018 - 17:18

De kuorballers fan LDODK binne sneintemiddei útskeakele foar de play-offs fan de kuorbal league. Konkurrint Fortuna út Delft wûn de útwedstriid tsjin Blau Wyt Amsterdam snein mei 28-17. Dat betsjut dat de kuorbalploech fan De Gordyk net mear by de bêste fjouwer fan de kompetysje einigje kin.

LDODK ferlear yn it begjin fan dit wykein de útwedstriid tsjin PKC: 30-25.

Trefwurden: 
LDODK kuorbal play-offs
(advertinsje)