Húshâldingen socht foar grut ûndersyk nei taalferoaringen

De Fryske Akademy siket húshâldingen dy't meidwaan wolle oan in grut ûndersyk nei de feroaringen yn it Frysk en it Hollânsk. It giet om it gebrûk fan beide talen troch trije generaasjes: pake, soan en pakesizzer of beppe, dochter en beppesizzer. It ûndersyk, dat trije jier duorret, slút oan by in earder ûndersyk fan professor Tony Feitsma yn de jierren tachtich. Feitsma hat mear as tachtich minsken yn Boarnsterhim, dat doe noch bestie, opnommen op kassettebantsjes. Dy petearen dy't ferline jier oantroffen binne, wurde op dit stuit ôfharke en analysearre. Ek dizze opnamen wurde meinommen yn it grutte ûndersyk nei de taalferoaringen.
Minsken dy't meidwaan wolle oan it saneamde Boarnsterhim Corpus Project, kinne harren opjaan by de Fryske Akademy. Je moatte dan wol yn de eardere gemeente Boarnsterhim wenje, sadat de resultaten fergelike wurde kinne mei de ynterviews fan professor Feitsma.