Roest wint WK allround, Kramer teloarstellend fjirde

11 mrt 2018 - 16:43

Patrick Roest hat sneintemiddei op sensasjonele wize de wrâldtitel allround yn Amsterdam ferovere. De 22-jierrige reedrider fan Team LottoNL-Jumbo profitearre op de ôfslutende 10.000 meter fan in dramatyske falpartij fan Sverre Lunde Pedersen, dy't yn de lêste rit tsjin de ûnttroane Sven Kramer noch favoryt wie foar de wrâldtitel.

Pedersen moast it nei syn falpartij dwaan mei in sulveren medalje yn it einklassemint. WK-debutant Marcel Bosker pakte op ferrassende wize it brûns. Kramer kaam nei in minne race op de 10.000 meter net fierder as it fjirde plak.

Trefwurden: 
Sven Kramer reedriden WK
(advertinsje)