SC Hearrenfean rêdt it net op tsjin Ajax

11 mrt 2018 - 16:21

Sportklup Hearrenfean is der sneintemiddei yn de kompetysjewedstriid tsjin Ajax net yn slagge in ferrassing del te setten. De ploech fan trainer Jurgen Streppel ferlear, nei in eardere rêststân fan 1-1, úteinlik mei 4-1 yn de Johan Cruijff Arena.

Iepeningstreffer

Nei in healoere yn de earste helte makken de Amsterdammers de iepeningstreffer. Matthijs de Ligt kopte in foarset yn de goal: 1-0. Inkelde minuten letter koenen ek de hannen fan de Feansters de loft yn. Martin Ødegaard skeat de bal binnen fan 25 meter ôf foar de lykmakker.

Foarsprong Ajax

Nei rêst krige âld-Hearrenfeanspiler Klaas Jan Huntelaar ferskate kânsen om Ajax op foarsprong te setten. Yn de 59ste minút kaam dy foarsprong der, doelpuntemakker wie Nico Tagliafico. Nei de 2-1 hie Hearrenfean net mear de macht werom te kommen. Donny van de Beek makke yn de 88ste minút in ein oan de lêste hoop fan SC Hearrenfean: 3-1. Yn blessueretiid soarge David Neres noch foar 4-1.

FC Utrecht

Sportklup Hearrenfean komt takom wike sneon wer yn aksje. Dan spilet de ploech in thúswedstriid tsjin FC Utrecht.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean Ajax fuotbal
(advertinsje)