Snits Wyt Swart ûnderút yn Purmerend, ferlies VV Hearrenfean

11 mrt 2018 - 16:04

De fuotballers fan Snits Wyt Swart hawwe sneintemiddei yn Purmerend mei 2-1 ferlern fan Purmersteijn. Al nei fjirtjin minuten makke Orij it earste doelpunt foar de thúsploech. Goed tweintich minuten letter ferdûbele Panka de foarsprong fan Purmersteijn: 2-0. Nei rêst begûnen de Snitsers better te fuotbaljen, mei as resultaat de oanslutingstreffer fan Tankink yn de 64ste minút.

Yn de slotfaze fan de wedstriid krigen beide ploegen noch flinke kânsen, mar doelpunten kamen der net mear. Takom wike spilet Snits Wyt Swart in thúswedstriid tsjin SJC út Noordwijk.

VV Hearrenfean

Foar VV Hearrenfean einige de wedstriid tsjin Alphense Boys ek yn mineur. De Feansters ferlearen op eigen fjild fan de besikers út Alphen aan den Rijn: 1-2.

(advertinsje)