Kramer fiifde op de 1500 meter, Pedersen pakt lieding

11 mrt 2018 - 15:15

Sverre Lunde Pedersen hat by it WK allround yn Amsterdam de lieding yn it algemien klassemint oernommen fan Patrick Roest. De Noarske reedrider skreau de 1500 meter yn de lêste rit op syn namme yn in tiid fan 1.48.33. Tsjinstanner Roest joech leafst 1.54 sekonden ta op Pedersen mei in tiid fan 1.49.87. Titelhâlder Sven Kramer ried de fiifde tiid mei 1.50.62.

Op de ôfslutende 10.000 meter ferdigenet Pedersen in foarsprong fan 7.78 sekonden op Roest, de nûmer twa yn it klassemint. Sven Kramer, de nûmer trije, moat leafst 16.14 sekonden goedmeitsje op de Noarske koprinner.

Trefwurden: 
reedriden Sven Kramer WK
(advertinsje)