Gybje? We wisten net wat it wie

11 mrt 2018 - 14:52

It ferhaal fan it Tynster skûtsje It Swarte Wief begjint tsien jier lyn yn in keet. De freoneploech yn dizze keet hat oant dan ta altyd drok west mei 'combineracen'. In combine is in lânboumasine dy't meant en fuort ek tersket. Dat racen mei dy enoarme masinen hawwe se in jier as acht mear as fertsjinstlik dien; sawol op Nederlânsk as op Europeesk nivo wûnen se alles dat der te winnen foel. Op De Feanhoop wienen de manlju wol by it skûtsjesilen te finen en dêr is doe it idee oppere om in skûtsje te keapjen, ek omdat se mear in teamsport dwaan woenen.

Skûtsje behâlde

De 'Stichting behoud Tynster skûtsje' wurdt oprjochte, want se fine dat it skûtsje foar it doarp behâlden bliuwe moat. De jonges ferdiele de taken oan board en Jaap Hofstee wurdt keazen ta skipper. Nimmen fan har hie ea syld. Brune Float-skipper Tsjerk Hesling Hoekstra is in neef fan twa bemanningsleden en doart it wol oan mei de Tynsters. Yn maart 2008 krije se harren earste sylles. "De earste kear silen gong al wat raar", fertelt Johan Hoen. "Wurdt der roppen 'tink om de gyk', mar we wisten net wat de gyk wie, of 'de fok moat om', stienen we mar wat raar om ús hinne te sjen.'' It skûtsje krijt de namme 'It Swarte Wief', neamd nei in leginde út it doarp.

IFKS

Sûnt 2008 sile se mei yn de IFKS. Earst yn de lytse klasse, mar letter wurdt in grutter skûtsje oanskaft. Jaap Hofstee: "Ik tink dat we der goed oan dien ha yn in lyts skûtsje te begjinnen. Sa hawwe we dingen ús eigen meitsje kinnen." De manlju nimme net alles samar oer fan oare skûtsjes. "We besykje altyd it bêste fan oaren te jatten, mar we dogge ek wol dingen oars as in oar. Sa sitte de measte skûtsjeskippers ûnderyn, mar ik bin de earste kear op de hege kant sitten gien en dat gie goed dan dogge je dat de oare kear wer.''
De earste jierren wurdt der in soad traind, alle woansdeitejûns en alle sneinen binne se op it wetter te finen. Dêrneist wurdt der in soad tiid stutsen yn it opknappen fan it skûtsje. "It kostet in soad tiid, no wat minder as doe omdat we it no mear witte en it skûtsje goed foarinoar ha.''

Jubileum

Yntusken binne we tsien jier fierder, in jubileum dat sneontejûn fierd is yn it lokale kafee Overwijk. It Swarte Wief sylt sûnt 2015 mei yn de heechste klasse fan de IFKS en docht al twa jier mei om it kampioenskip. In kampioenskip dat der oan liket te kommen. As se alles wûn ha dat der te winnen falt, sykje se dan wer in nije útdaging? "Nee, dit is wol sa'n moai spultsje, der sit altyd wer wat oars yn, om dat goed ûnder kontrôle te krijen, dêr bliuw je mei dwaande.'' En dy combine? Dy hobby is oernommen troch in oare keet yn it doarp.

Harkje nei de reportaazje yn Buro de Vries.

Trefwurden: 
Buro de Vries skûtsje
(advertinsje)