De Hale Damwâld giet ticht, bewenners ferhúzje nei Talma

11 mrt 2018 - 12:52

Beskerme wenlokaasje mei soarch De Hale fan Elkander yn Damwâld giet ticht. De bewenners ferhúzje yn de hjerst nei Talma Hoeve yn Feanwâlden. Op dit stuit wenje alve minsken yn De Hale. Mei de kliïnten en de famyljes binne ôfspraken makke oer de oansteande ferhuzing. Neffens regiomanager Thea Dijkstra is in ferhuzing logysk: "De kliïnten gean no ek al geregeld nei de lokaasje yn Feanwâlden. Se ite dêr of dogge mei oan aktiviteiten." Al it personiel kin mei oer nei Talma Hoeve.

Politike partijen, ferienige yn Sociaal Links, binne poer oer de sluting. "De ferpleechhússoarch ferdwynt sa út Damwâld", seit Rommy Kempenaar. Dat is min foar de minsken en foar it doarp. "Ast mei de minsken begjinst te skowen, ast se as produkt beskôgest, dan wurdt it mei de op it gebiet rjochte oanpak neat", sei Kempenaar yn it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân. "Dat âlderen nei in oar doarp ferpleatst wurde, is foar sokke minsken - seker as de partner noch flakby wennet -  in ferlies, en ek in ferlies foar it doarp. Wy kinne dêr as politike partij net folle oan dwaan, want Elkander is in privaat bedriuw. Yn ús ferkiezingsprogramma stiet wol dat wy de soarch safolle mooglik yn de buert hâlde wolle, it leafst yn it doarp."

Trefwurden: 
De Hale Damwâld
(advertinsje)