Cambuur op jacht nei linker rychje

11 mrt 2018 - 12:51

Cambuur spilet moandei op De Herdgang yn Eindhoven de útwedstriid tsjin Jong PSV. De Ljouwerters binne op jacht nei it linker rychje, want dat jout rjocht op diename oan de play-offs. En dat is noch altyd de doelstelling fan Cambuur. En it kin, want it stiet yn de middenmoat fan de Jupiler League allegear ticht by elkoar. Cambuur stiet foar krúsjale wiken, wêryn't der punten komme moatte. Trainer René Hake: "Punten komen als je dingen goed doet. Wij zijn met ons zelf bezig. We moeten hard werken en dat doen we".

De seleksje fan Cambuur liket goed fit. Darren Rosheuvel slút wer oan en Matthew Steenvoorden begjint wer yn de basis nei in skorsing. Cambuur hat by Steenvoorden gebrûk makke fan de opsje yn syn kontrakt en dat betsjut dat de sintrale ferdigener ek takom seizoen yn it Cambuur shirt spilet. Hake woe de opstelling fierder net bekend meitsje. "Of ik het laat staan? Dat kan, maar het kan ook niet", sa sei hy kryptysk.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Ljouwert
(advertinsje)