Automobilist rydt 180 op Grinzerstrjitwei, 70 is maksimum

11 mrt 2018 - 09:42

In man fan 26 jier út Ljouwert moast sneontenacht syn rydbewiis ynleverje om't er fierste hurd ried. De plysje snipte de bestjoerder doe't er oer de Grinzerstrjitwei by Ljouwert ried. Hy ried goed 180 kilometer yn 'e oere, wylst dêr net hurder as 70 riden wurde mei. Hy krige proses-ferbaal en is syn rydbewiis dus kwyt.

(advertinsje)
(advertinsje)