FNP: Tinkstien út 1740 moat op nije brêge Jirnsum

11 mrt 2018 - 10:08

De fraksje fan de FNP yn Ljouwert wol dat in stien út 1740 fan de brêge Jirnsumersyl werom set wurdt op de brêge dy't no by Jirnsum leit. Der binne al langer plannen om de stien opnij yn te mitseljen, mar dat is oant no ta noch net dien. Yn fragen oan it kolleezje stelt de FNP dat it skande is dat sa'n wichtich histoarysk monumint net wer in plak krijt.

Yn juny is fanwege it 100-jierrich bestean fan Pleatslik Belang Jirnsum en Kulturele Haadstêd in konsert op it rivierke de Boarn. It soe moai wêze as de stien dan ûntbleate wurdt, fynt de FNP.

Trefwurden: 
Jirnsum brêge tinkstien
(advertinsje)