Waadrinne en firtueel swimme mei seehûnen op beurs Berlyn

11 mrt 2018 - 09:07

De Noard-Nederlânske marketingorganisaasjes wurkje dizze dagen gear op de grutste ynternasjonale reisbeurs fan de wrâld. De Internationale Tourismus Börse is yn Berlyn. Op de beurs komme sa'n 160.000 besikers ôf, benammen fertsjinwurdigers fan reisorganisaasjes en sjoernalisten. De marketingorganisaasjes út ûnder oare Fryslân en Grinslân presintearje dêr mei-inoar de Waadsee en de mooglikheden foar toerisme yn it gebiet. Minsken kinne ûnder oare waadrinne, streekprodukten priuwe en firtueel swimme mei seehûnen.

(advertinsje)