Griet Op de Beeck lûkt soad minsken nei Frysk Boekefeest

Op it Frysk Boekefeest yn Ljouwert kamen sneontejûn sawart trijehûndert besikers ôf. In protte minsken kamen spesjaal nei it Schaaf City Theater foar de Flaamske skriuwster Griet Op de Beeck. Sy is bekend fan ûnder oare 'Vele hemels boven de zevende' en 'Kom hier dat ik u kus'. Foarôfgeand oan de lêzing fan Op de Beeck wie der in diskusje oer it tema 'froulju yn de literatuer' mei fiif Fryske skriuwsters: Elske Schotanus, Neeltje Bonnema, Baukje Zijlstra, Hilda Talsma en Jetske Bilker.
ln lange rige minsken stiet sneontejûn te wachtsjen op in hanteken fan Op de Beeck. Har boekewikegeskink 'Gezien de feiten' is oerset yn it Frysk troch Jetske Bilker. De Fryske ferzje mei as titel 'Sa't it lân derhinne leit' waard sneon presintearre.
Op de Beeck en Bilker liezen op it poadium in stikje út it boek foar, om bar Nederlânsk en Frysk. Op de Beeck fynt it 'een wonder' hoe't har boek yn de Fryske taal heart. In oersetter moat de taal goed oanfiele, seit se. En omdat se sels gjin wurd Frysk ken, hopet se dat it goedkommen is mei de oersetting.