Ljouwerter skeint hoarekaferbod en bedriget plysjes

11 mrt 2018 - 08:05

In 28-jierrige Ljouwerter is sneontenacht oanhâlden yn in kafee yn de Alde Doelestege yn syn wenplak. De plysje krige in melding dat de man stellen hawwe soe fan in oarenien yn it kafee. Bliken die dat hy hielendal net yn it kafee komme mocht. Hy hie in hoarekaferbod dat noch twa jier duorret. De Ljouwerter wie by syn oanhâlding sa poer dat er de plysjes mei de dea bedrige. Dêr is oanjefte fan dien. De fertochte is achter slot en grendel set op it plysjeburo.

Fierders wie it in rêstige nacht yn Ljouwert, sa meldt de plysje.

(advertinsje)