Auto útbaarnd yn Ysbrechtum, brânstichting net útsluten

11 mrt 2018 - 07:33

Yn Ysbrechtum is sneontenacht in auto útbaarnd. De wein stie oan 'e Van Haersma Bumaleane. Doe't de brânwacht  oankaam, sloegen de flammen der al oeral út. De brânwacht koe de fjoersee frij gau útmeitsje, mar wist net foar te kommen dat de auto folslein útbaarnde. 

Brânstichting wurdt net útsletten. De plysje docht sneintemoarn ûndersyk nei de brân. Pas dêrnei wurdt de auto fuortsleept.

Trefwurden: 
autobrân Ysbrechtum
(advertinsje)