Antoinette de Jong: ''Myn lichem liet my yn 'e steek''

''It lei hjoed net oan it iis, mar it leit foaral oan mysels.'' Dat sei reedrydster Antoinette de Jong fan Rottum sneontejûn yn Amsterdam. Sy einige úteinlik as fjirde op it WK allround, dat dêr yn it Olympysk Stadion ferriden waard. ''Fjouwer races haw ik riden, en ik haw gjin inkelde slach rekke'', fertelde De Jong. ''Ik tocht dat ik fit wie, mar dat bin ik eins hielendal net. Elke wichtige wedstriid stie ik der dit seizoen, mar hjoed net. Dat is no flink balen.''
''Koe net herstelle''
De Jong hie yn it foar hope op in poadiumplak op it WK allround. Dat se no as fjirde einiget, is soer. ''Ik siet der tichteby, mar myn lichem liet my yn 'e steek. Ik koe gewoan net herstelle en ha hieltyd pineholle. Ik woe hjir graach goed prestearje, mar it wurke dit wykein gewoan net mei.''