Miho Takagi kampioen, Ireen Wüst twadde, De Jong fjirde

Reedrydster Antoinette de Jong fan Rottum is op it WK allround yn Amsterdam fjirde wurden. De Jong waard sneon sechde op de 1500 meter en fiifde op de 5000 meter. Freed waard se op de 500 meter fjirde en op de 3000 meter fiifde. De wrâldtitel wie foar Miho Takagi út Japan. Seisfâldich wrâldkampioen Ireen Wüst waard twadde yn it einklassemint. Freed liet se tefolle lizze op de 500 meter. Wüst wûn noch wol de 5000 meter. Annouk van der Weijden pakte yn har lêste grutte wedstriid it brûns yn de einstân.