Mountainbikester Tauber tredde yn earste wrâldbekerwedstriid

10 mrt 2018 - 22:01

Friezinne Anne Tauber fan Oranjewâld is it wrâldbekerseizoen mountainbiken begûn mei in tredde plak. Yn Stellenbosch yn Súd-Afrika moast Tauber de winst litte oan Annika Langvad. Op it twadde plak einige Pauline Ferrand-Prévot út Frankryk.

Foar Anne Tauber wie it har earste poadiumplak yn in wrâldbekerwedstriid op dit nivo by de froulju.

Op de lêste dei fan jannewaris wûn Anne Tauber de altenative Alvestêdetocht op de Weissensee yn Eastenryk.

(advertinsje)