Kampioen Mid-Fryslân is wer kuorbalhaadklasser
De kuorballers fan Mid-Fryslân spylje takom seizoen wer yn de haadklasse. Yn de lêste sealwedstriid waard it kampioenskip binnen helle troch yn Vriezenveen mei 25-17 te winnen fan Amicitia. Nei in stroef begjin kamen de kuorballers fan Reduzum en Grou better yn de wedstriid. By it skoft wie de foarsprong trije punten: 11-8.