Marten Kooistra wint Súd-Hollân, Hartthijs de Vries tredde

Marten Kooistra fan Jonkerslân hat sneon de Ronde fan Súd-Hollân wûn. Nei de Ster fan Zwolle, in wike lyn, is dat de twadde nasjonale klassiker fan it seizoen. De hurdfytser fan SEG Racing Academy wûn yn de einsprint fan syn ploechmaat Ide Schelling en fan Hartthijs de Vries. De Vries fan Kollum levere begjin jannewaris syn kontrakt by Roompot yn nei problemen mei syn sûnens. No't it wer better giet fytst er foar de NWV Grins.