Sven Kramer tredde nei twa ôfstannen op WK allround

Sven Kramer stiet nei de twadde dei fan it WK allround yn Amsterdam op it tredde plak yn it algemien klassemint. De reedrider einige op de 500 meter sneontemiddei as sechde mei in tiid fan 37.43. Yn de wedstriid fan sneontejûn, op 'e 5000 meter, moast Kramer de winst ôfstean oan Sverre Lunde Pedersen. De tiid fan Kramer, 6.34.15, wie úteinlik genôch foar it twadde plak. Ploechgenoat Patrick Roest begjint snein as klassemintslieder oan de lêste dei fan it WK allround yn Amsterdam.
Kapot knokt
Neffens Kramer wienen de omstannichheden op 'e baan yn Amsterdam sneon swier. ''Ik haw my hjoed hielendal kapot knokt'', sei Kramer nei ôfrin fan de 5000 meter yn it Olympysk Stadion. ''Ik hie graach wat mear ôfstân pakt, mar dat siet der net yn. Benammen yn de bocht, dêr moast ik troch skuorpapier hinne.''