Fryske stimwizer Smellingerlân fol flaters, FNP lilk

10 mrt 2018 - 20:45

De FNP yn Smellingerlân is min te sprekken oer de Fryske fersy fan de stimwizer yn de gemeente. Yn dy fersy sitte neffens de partij safolle taalflaters, dat de teksten hast net te lêzen binne. ''It liket wol of hawwe se de Nederlânske teksten troch in robot oersette litten sûnder der fierder noch nei om te sjen'', sa seit Durk Oosterhof fan de FNP.

Hy fynt dat Prodemos, de makker fan de stimwizer, in wanprestaasje levere hat. "As de bakker bôle leverje soe fan deselde kwaliteit as de stimwizer, dan soene jo dat ek net akseptearje'', neffens de FNP-man.

(advertinsje)