Froulju SC Hearrenfean nei kwartfinale beker

10 mrt 2018 - 20:33

De froulju fan Sportklup Hearrenfean hawwe har sneontejûn pleatst foar de kwartfinales fan de KNVB Beker. De Feanster froulju wûnen yn eigen hûs mei 2-0 fan VV Alkmaar.

SC Hearrenfean kaam yn de 44ste minút op foarsprong troch in doelpunt fan Tiny Hoekstra. Yn de twadde helte ferdûbele Fenna Kalma de skoare fan de thúsploech en kaam Alkmaar der net mear oan te pas.

(advertinsje)