Wenningbrân yn Kleaster-Lidlum, gjin ferwûnen

© Postema Media
De brânwacht moast sneontejûn útride foar in brân yn in wenning yn Kleaster-Lidlum, by Easterbierrum. It gie om in wenningbrân oan de Muntsewei. By de brân binne gjin minsken ferwûne rekke, mar it hûs hat wol flink wat skea oprûn. Foar de bewenners is stichting Salvage oproppen om de skea ôf te hanneljen.
De brânwacht krige nei sânen in melding binnen fan in brân yn de sliepkeamer fan it hûs. Dêrop rieden twa auto's fan de brânwacht út nei Kleaster-Lidlum.