Jildautomaten autohimmelplakken fernield, tsjûgen socht

© ANP
Fandalen hawwe yn de nacht fan freed op sneon by Wolvegea twa jildautomaten iepenbrutsen. Dat barde by autohimmelplakken op it yndustrygebiet by it doarp. Hoewol't der net folle jild bút makke waard, wie der wol in soad skea.
Op It Hearrenfean en yn Steenwijk waarden deselde nacht ek jildautomaten fernield. De plysje siket tsjûgen dy't mear witte oer de fernielingen.