Danny Noppert wer yn achtste finales Players Championship

© Omrop Fryslân, Ate Wielstra
Darter Danny Noppert hat sneontemiddei yn it Ingelske Barnsley de achtste finales helle fan it tredde Players Championship fan de PDC. By de lêste sechstjin ferlear de Jouster darter mei 6-1 fan Jamie Lewis út Wales, dy't op it ôfrûne WK noch yn de heale finale stie. Foar de nederlaach tsjin Lewis wûn Noppert trije wedstriden. Under de tsjinstanners wie Ingelskman Michael Smith (6-4). Smith stiet op it stuit op in dield earste plak yn de Premier League.
It is foar Noppert de tredde kear op rige dat er by de lêste sechstjin stiet op in Players Championship. Snein wurdt op deselde lokaasje yn Barnsley it fjirde fliertoernoai fan dit seizoen spile.