Lykspul foar ONS Snits tsjin DOVO: 3-3

10 mrt 2018 - 17:26

De fuotballers fan ONS Snits hawwe sneontemiddei yn eigen hûs lykspile tsjin DOVO út Veenendaal. It waard 3-3 op it Sudersportpark, nei't de Snitsers by rêst op in 1-0 foarsprong stienen. Genridge Prijor wie yn de santjinde minút ferantwurdlik foar dy earste treffer fan de thúsploech. Nei rêst kaam DOVO al gau op likense hichte fia Leon Toonen.

Yn de 58ste minút koenen de Snitsers wer in doelpunt meitsje, mar inkelde minuten letter sette Toonen de tuskenstân alwer op 2-2. Doe't Bas Mooij yn de 84ste minút in goal makke foar de gasten út Veenendaal, like ONS mei lege hannen te stean. Dochs pakte de thúsploech in punt. Yn blessueretiid skoarde Ale de Boer út in frije traap: 3-3.

Takom wike sneon spilet ONS yn de tredde difyzje in útwedstriid tsjin Spijkenisse.

Trefwurden: 
ONS Snits fuotbal
(advertinsje)