Grutte plysjekontrôle: hast 400 bestjoerders op 'e bon

10 mrt 2018 - 16:37

De plysje hat de ôfrûne wike hast fjouwerhûndert bestjoerders op 'e bon slingere op sneldiken yn it noarden. Sawat trijehûndert fan har hienen ûnder it riden de telefoan yn 'e hân. Yn 74 gefallen gie it om in frachtweinsjauffeur. It team Verkeer Noord-Nederland meldt de resultaten op Facebook. De plysje surveillearre mei in ûnopfallende camper. Der waard ûnder oare kontrolearre op de A7 tusken de Ofslútdyk en de Dútske grins, op de A6 en de A32.

Der waarden ek boeten útdield foar te hurd riden, rjochts ynheljen en ûnnedich links riden. Ek waard der in iepensteande boete fan 700 euro bard. Ien auto waard fan de dyk helle fanwegen iepensteande boeten. It tv-programma Wegmisbruikers hat opnamen makke fan de kontrôles. Dy wurde letter útstjoerd.

Trefwurden: 
plysje boeten sneldyk
(advertinsje)