Brân yn Garyp, brânwacht besiket oerslaan foar te kommen

10 mrt 2018 - 13:02

In bygebou achter in wenning oan de Jelke Boonstraloane yn Garyp is sneontemiddei útbaarnd. It fjoer bruts tsjin ien oere út. De brânwacht fan Burgum koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei de wenning. De bewenners moasten harren hûs út.

By de brân kaam in soad reek frij. De oarsaak fan de brân is noch ûndúdlik.

Trefwurden: 
brân Garyp
(advertinsje)