24 oeren blazerij foar smoelemuorre Wikel

10 mrt 2018 - 12:53

Mei in muzykmaraton sammelet it doarp Wikel jild yn foar in spesjale smoelemuorre. Alle seishûndert ynwenners fan it doarp krije in ticheltsje oan de muorre yn it doarpshûs. Om it jild byinoar te krijen is der 24 oeren lang live-blaasmuzyk yn doarpshûs Irene. De aksje is freedtejûn om tsien oere úteinset en duorret oant sneontejûn tsien oere. 

Njonken mei muzyk besykje de Wikelers ek jild yn te sammeljen mei oare aktiviteiten, lykas blomkeferkeap, in bingo en in merk. De ferwachting is dat der genôch jild ynsammele wurdt. It ticheltsje moat goed 12 euro kostje. It jild dat oerbliuwt, giet nei earme bern dy't graach muzyk meitsje wolle.

Trefwurden: 
Wikel smoelemuorre
(advertinsje)