Famke (17) út Ljouwert al mear as in wike fermist

10 mrt 2018 - 11:58

De 17-jierrige June Boonpog út Ljouwert wurdt sûnt ferline wike freed fermist. De plysje kaam sneon mei in herhelle oprop. Neffens de plysje is se yn Ljouwert op de trein nei Rotterdam stapt,  mar der is neat mear fan har heard. Se soe wol yn de omjouwing fan Rotterdam en Capelle aan den IJssel wêze moatte.

June Boonpog hat in Aziatysk uterlik. Se hie in griene parkajas oan en hie in wite rolkoffer by har. Se is 1.70 oant 1.75 meter lang en hat donker hier. Minsken dy't ynformaasje hawwe oer de fermissing fan it famke, kinne belje mei de plysje op 0800-6070.

Trefwurden: 
fermissing Ljouwert
(advertinsje)