Tefolle drank op en falske namme

10 mrt 2018 - 11:48

By in alkoholkontrôle yn Noardeast-Fryslân binne freedtejûn en -nacht fjouwer bestjoerders op de bon slingere. Trije fan harren binne begjinnend bestjoerder. Sy krigen allegearre in boete. In oare bestjoerder hie ek tefolle dronken en ried ek noch fierste hurd.

Yn Ljouwert is freedtenacht in autobestjoerder trappearre op riden sûnder rydbewiis. De plysje hâlde him oan yn de Van Roonhuysestrjitte. Hy koe gjin rydbewiis sjen litte en him ek net legitimearje. De man joech in namme op, mar de plysje hie it fermoeden dat dat in falske namme wie. By fûillearjen fan de man kaam it rydbewiis dochs foar it ljocht. Op dat momint kaam de man mei syn echte namme op de proppen. De belutsene krige proses-ferbaal foar riden sûnder rydbewiis, it opjaan fan in falske namme en it net fuortendaliks ôfjaan fan it rydbewiis.

Trefwurden: 
drankriders falske namme
(advertinsje)