Trainer Hake bliid en ferromme: "Tot hier en niet verder"

By trainer René Hake oerhearsket it gefoel fan blydskip nei de 2-1 oerwinning fan Cambuur op Almere fan freedtejûn. Diels is Hake ek ferromme, omdat Cambuur al in tal wedstriden net wûn hat en neffens him ek net goed spile. Yn de wedstriid tsjin Almere wie it spul by fleagen better, mar better spylje yn fazes is net genôch. Yn de rin fan earste helte seachst de goal fan de tsjinpartij oankommen, seit Hake. Cambuur hie ûnnedich balferlies. Echt grut gefaar hat der net west. By de tsjingoals seachst de fertwifeling en it apatyske taslaan en dan komt de ploech ûnnedich op 1-0 achter te stean. "Dan ben je tegen jezelf aan het voetballen." Yn de earste helte waard it hieltyd minder. Se leauden der net mear yn, seit Hake. Mar tagelyk kaam der ek in reaksje. "Tot hier en niet verder."
Dêrnei spile Cambuur in behoarlike twadde helte. Se twongen ôf dat der mear romte ûntstie. Neffens Hake fertsjinje de spilers in grut komplimint dat se op dizze wize de oerwinning derút sleept hawwe. Justin Mathieu makke it winnende doelpunt. "Ik had hem vrij liggen, zag de keeper achterin en schoot gewoon. We snakken al een aantal weken naar een overwinning. Het is steeds net niet", seit Mathieu.
Justin is in spiler dy't it kin, seit trainer René Hake. Allinnich moat er der noch mear fan oertsjûge wêze dat er it kin. Yn de earste helte wie Mathieu ûnsichtber. Hy moast mear bringe. Dat hawwe wy yn de rêst oan him frege en yn de twadde helte seach Hake him groeien. De oerwinning tsjin Almere thús is belangryk foar de play-offs.