Wedstriid Harkemase Boys giet net troch fanwege stjergefal

10 mrt 2018 - 08:08

De wedstriid Harkemase Boys tsjin Jong FC Grins giet sneon net troch. It duel yn de tredde difyzje is ôfsein yn ferbân mei it ferstjerren fan de dochter fan Antoine van der Linden, de assistint-trainer fan Jong FC Grins. It 6-jierrich famke wie slim siik. De datum fan de ynhelwedstriid is noch net bekend.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys
(advertinsje)