UPDATE: Brân by plomfeebedriuw ûnder kontrôle

Yn in plomfeebedriuw oan de Blauhústerwei yn Surhústerfean hat sneontemoarn brân west. It fjoer bruts om sân oere hinne út. De brân wie yn in gebou dêr't de ferwaarming regele wurdt foar de loadsen dêr't it plomfee yn sit. De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei de ferbliuwen fan it plomfee. Tsjin tsien oere wie de brân ûnder kontrôle. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.